Bouboeren opnij slachtoffer fan jierpelsykte: "It fljocht it fjild oer"

15 jul 2021 - 20:41

De jierpelsykte phythophthora slacht dit jier bot ta by biologyske bouboeren. Troch it waarme, mar wiete waar kin de skimmel de jierpelplanten bot oantaaste. Dat kin der foar soargje dat de jierappels net folgroeid binne, sadat se net ferkocht wurde kinne yn de supermerk.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Boeren kinne troch de sykte tûzenen kilo's minder jierpels ferkeapje en liede dus in finansjele strop. Ek yn 2016 hiene de boeren te krijen mei phytophthora by de jierpels.

Ferbaarne

Biologysk boer Pyt Sipma fan Ingwierrum is ien fan de dupearre biologyske bouboeren. Troch phytophthora hat er al in soad jierpelplanten ferbaarnd, om de fersprieding fan de skimmelsykte te beheinen.

Boer Pyt Sipma fan Ingwierrum

"It is net te kearen", seit Sipma. "It begjint mei ien plant, mar eltse dei sjogge je planten deromhinne fuortfallen. Ferline wykein wie der rein en hurde wyn, dan fljocht it 't fjild oer. Ik tink dat wol 50 persint fan dit perseel oantaast is."

Minder opbringst

In soad boeren hawwe dit jier mar in fjirdepart fan de opbringst fan oare jierren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)