Noardeast-Fryslân stipet streektalen mei wurkgroep en projektsubsydzje

Noardeast-Fryslân wol de streektalen yn de gemeente struktureel stypje. It giet by dizze gemeente om it Dokkumersk, it Kollumersk (Stedfrysk) en it Súd-Lauwerslânsk. De gemeente hat in wurkgroep foarme en seit ek ta subsydzje te jaan oan projekten mei omtinken foar de streektalen.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
De wurkgroep bestiet út fertsjintwurdigers fan belanghawwende organisaasjes en ynwenners mei ynteresse foar taal. Fan de leden wurdt frege dat sy projekten betinke en stypje.

Projekten

Foar losse projekten is maksimaal 750 euro beskikber foar elts projekt, oant de subsydzjepot leech is. Der is al in tal projekten opset. Sa makket teätermakker Eline de Vries in foarstelling mei it Súd-Lauwerlânsk. En studinten hawwe mei de Afûk spultsjeplacemets en in lêsboekje ûntwikkele foar yn de hoareka. Fierder sil streekdichter Geart Tigchelaar in fytstocht troch de gemeente meitsje foar in spesjaal gedicht.