Optearwein yn it wetter ferdwûn: Wâldseinsters yn troffen Dútsk gebiet

De famylje Becker fan Wâldsein wie noch mar twa dagen op fakânje yn Dútslân. Mar doe't sy op deitrip nei Trier wiene, kaam needwaar oer it campinggebiet. De weagen namen de optearwein mei. "Sis mar gewoan dat it rampgebiet is. Wy kinne gjin kant op," seit Marcel Becker.
De camping yn Kyllburg © Marcel Becker
De famylje hie de optearwein yn Kyllburg opset, yn de Eiffel. Nei de besite oan Trier soe de húshâlding werom, doe't sy der efter kamen dat de treinen net mear rieden. "Wy tochten: wat nuver, wat bart hjir? Wy kamen ien tsjin fan de camping dy't frege oft wy ek belle wiene troch de camping", seit Marcel Becker.

Evakuaasje fan de camping

It die bliken dat alle campinggasten fan de camping ôf evakuearje moasten fan de brânwacht. "Doe hawwe wy mar fluch in taksy naam om nei de camping ta te gean. Om acht oere moasten wy fan de brânwacht fan de camping ôf wêze."
Dat koe fansels net sa rap. "Dus wy hawwe mar gau alle wichtige dingen út de optearwein pakt. Doe begûn it al tsjin de wâlskanten fan de camping oan te klotsen."
De famylje hie ûnderweis yn de taksy al in 'gasthaus' regele. "Dan koene wy fannacht yn elts gefal goed sliepe as it spûkje soe." It wie nedich ek, want de camping kaam hielendal ûnder wetter te stean.
Fierderop is in spoarbrêge dêr't wol in stik of tsien caravans en optearweinen stikken tsjin de brêge oan lizze.
Marcel Becker
Tongersdeitemoarn hat Becker mei syn soan besocht de camping op te sykjen. "Mar de hiele camping wie fuort. Us optearwein siet noch fêst oan in glamping-tent. Dêr wiene seis fan: fiif wiene fuort en de lêste heakke noch yn ús optearwein. Fierderop is in spoarbrêge dêr't wol in stik of tsien caravans en optearweinen stikken tsjin de brêge oan lizze."
Marcel Bekker fan Wâldsein, út Dútslân wei
De famylje kin ek noch net fuort weromkomme nei Wâldsein, seit Becker. "De rivier Kyll kronkelet om it doarp hinne en slút it op. Dêrom kin it wetter der ek net goed weikomme. Om't de Kyll ek op de Moezel útkomt, kin it wetter mar hiel stadichoan sakje. De brânwacht hat it noch net frijjûn."

Kyllburg noch net frijjûn

Dochs besykje de Beckers der mar it bêste fan te meitsjen. "Wy sitte heech en drûch yn in goed hotel, mar it lei fansels net yn de planning foar ús fakânsje."