Fries fytst de Tour fan 1903: "Ien maklike etappe, dy is 280 kilometer"

Gjin Tadej Pogacar, Richard Carapaz of Wilco Kelderman, mar Horvat, Stuntman, Kopman, wegkapitein, meneer Sjon, Astra 1 en Astra 2. It binne de bynammen fan in groep manlju dy't dizze wiken de alderearste Tour de France fytse, dy fan 1903. En dat is net om 'e nocht. Yn de groep fytst ek Arjen Dijkstra út Fryslân mei.
Arjen Dijkstra, flak ûnder Lyon: "Hjir hie ik it kâld" © Eigen foto
Dat is in ambisjeus aventoer, Arjen. Hoe fier binne jim?
"We binne yn twa dagen fan Parys nei Marseille fytst, dêr binne we no. Alle etappes binne sa'n 400 oant 500 kilometer. Der sit ien maklike by, dy is 280 kilometer, haha. Gelokkich binne it mar seis etappes, dat besykje we yn twa wiken te dwaan. Hieltyd ien dei fytse en dan in rêstdei. En it wykein nimme we ek frij. Dus 1200 kilometer 'e wike, 2.400 yn totaal."
Is it te dwaan?
"Dat wit ik net sa goed. We ha twa etappes hân en ik bin wol aardich stikken. Dat ha de oaren ek. We ha oeral wat pyntsjes: dit docht sear, dat giet mis. En ik seach dat it waar yn Limboarch mâl giet, mar hjir ek. Ik ha noch noait safolle rein sjoen."
It wie allinnich mar wetter. Ferskriklik.
Arjen Dijkstra
Fertel...
"We ha moandei bygelyks 400 kilometer fytst fan Parys nei Lyon, wêrfan 300 kilometer yn de spielende rein. It wie allinnich mar wetter. Ferskriklik."
Hoe hâldst dat fol?
"Der rydt in buske mei ús mei, dy giet fan plak nei plak. Dan ha we ûnderweis wat iten en kinne we drûge klean oan dwaan. Mar de jonges seine moandei: we kinne net fierder. It wie al 22.00 oere en we soene om 2.00 oere nachts oankomme yn Lyon. Ik tocht: we moatte troch. Mar it wie te gefaarlik."
Wol logysk dat it swier is fansels. Oan dy Tour fan 1903 begûnen ek sechstich fytsers, en mar tweintich hellen de finish. En dan hienen se ek noch mear skoftdagen.
"Ja, sy dienen der echt trije wiken oer. Mar moatst ek betinke dat ús fytsen folle better binne. Sy hienen fytsen fan izer, dy wienen mear as 20 kilo. En de tsjillen wienen fan hout. Boppedat wie der eins net in dyk ferhurde, asfalt bestie net. Dat wie echt in oare wrâld."
Maurice Garin, de winner fan de Tour de France yn 1903 © ANP
Totaal ferskillend dus.
"Der is wol ien oerienkomst: it is aventoer nei aventoer. Bist gewoan de hiele dei ûnderweis. Eins bist allinnich mar dwaande mei de gedachte 'ik moat fierder komme', mar komst de hiele tiid fan alles tsjin. Dat is it leuke fan sa'n tocht."
Hoe binne jim op it idee kaam?
"We binne in groep fytsmaten. En eins dogge we alle jierren wat, útsein ferline jier. No is ien fan ús lêst 50 jier wurden, dy sei: 'Ik sit no yn in midlifecrisis, ik moat wat. Ik wol in Tour de France fytse!' Dus we tochten, dan dogge we de earste."
No ha jim hjoed dus in rêstdei. Wat dochst dan?
"Ite, ite, ite. Dat is it wichtichste. Ast even honger hast, dan moat der fuortendaliks wat yn. En eins hast de hiele dei wat honger. Fierder de fyts in bytsje skjinmeitsje, de klean yn de wask. Moarnier om 4.00 oere giet de wekker wer."
Sliepst wol wat?
"Dat giet wol. Bist wol wat ûnrêstich, mar it giet hieltyd wat better. It liif feroaret mei, do wenst der wol wat oan."
Wat stiet moarn op it programma?
"Der ha ik no al nocht oan: we fytse nei Toulouse. Dat is in stik fan 430 kilometer en der is wynkrêft seis foarsein. En wy ha allinnich mar yn de wyn..."