De Lemmer baalt fan skraste skûtsjestriid

15 jul 2021 - 17:31

De Lemmer hat it smoar yn no't it skûtsjesilen dit jier net trochgiet. De organisaasjes fan likegoed de SKS en IFKS sjogge it silen net sitten no't de maatregels fan it kabinet oanskerpe binne troch de hegere besmettingsoantallen. Op De Lemmer wurdt gewoanwei fjouwer kear syld, mar no bliuwt it stil.

It bliuwt stil yn de Lemster baai:

Net eltsenien yn it wettersportdoarp begrypt it beslút fan de SKS en IFKS. De coronabesmettingen nimme wol ta, mar yn de bûtenloft by it wetter falle de risiko's nei alle gedachten ta. "It is no ek faak sa, dat it strân fol leit en dan kontrolearret ek net ien. En dat mei dan wol en dit net. It is wol wat bryk", seit Diny Tijsseling fan The British Pub.

Sy sit ek yn it bestjoer fan de ûndernimmersferiening op De Lemmer. Se ferwachtet dat winkels, kroegen en restaurants omset ferlieze, omdat klanten fuortbliuwe. "Dit is ferskriklik bale, it sil saai wurde yn it doarp. Wy meie neat mear organisearje."

Ek Siene de Vries fan wettersportferiening Zevenwolden baalt derfan:

Siene de Vries fan wettersportferiening Zevenwolden

(Advertinsje)
(Advertinsje)