Kultuer fan piratestjoerders is ymmaterieel erfgoed: "Het is de kick"

15 jul 2021 - 17:17

De kultuer fan de piratemuzyk is erkend as ymmaterieel erfgoed. Neffens it Kenniscentrum Immaterieel Erfgoed Nederland is it in wichtige tradysje dy't minsken yn grutte parten fan it lân ferbynt. It is mear as muzyk allinne, al telle allinne de legale aktiviteiten mei foar de list.

Omrop LEO Middelsé yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Jierren wie de muzyk dy't de yllegale stjoerders brochten hiel populêr, ek yn Fryslân. It barde yn de Wâlden, mar ek yn de Fryske haadstêd. Ljouwerter piraten sochten gearwurking mei de lokale omrop, doe noch Mercurius. Hjoed-de-dei is it LEO Middelsé.

Jos van der Linden

Jos van der Linden fan de Leeuwarder Piraten ûnderskriuwt de populêrens fan de piratekultuer. "Zo'n 21 jaar geleden zijn we bij Mercurius begonnen als piratenprogramma. Het was een proef, maar men wist niet wat er gebeurde: de telefoon ontplofte ongeveer. Zo populair was piratenmuziek bij de luisteraars. En nog steeds, moet ik zeggen."

Pikefel

It is noch hieltyd in sukses, lykas dat it eartiids wie. "De gezelligheidsfactor gaat omhoog, het leeft gewoon. Het roept emoties op. Op een gegeven moment dachten we wel: we gaan eens met de lokale omroep praten. Nu staan we bij LEO Middelsé op de playlist. Het bevalt goed. Soms belt er iemand die je kippenvel bezorgt aan het mengpaneel, met het verhaal dat ze bij een bepaalde plaat hebben."

De kick

It betsjut net dat it yllegale stjoeren yn Fryslân folslein oer is, seit hy. "Het bloed kruipt waar het niet gaan kan. Men wil toch wel eens even op een zaterdagavond een zendertje aanslingeren om wat illegaal plaatjes te draaien. Dat is toch de kick. Het is ook een stukje spanning: je hoopt niet dat ze langskomen van het Agentschap Telecom. Iets wat niet mag is natuurlijk leuk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)