Measte doarpsfeesten fiskje efter it net foar coronastipe fan it Ryk

15 jul 2021 - 16:42

De organisaasjes fan Fryske doarpsfeesten fiskje efter it net as it giet om de coronastipe fan it Ryk. De stipe jildt foar eveneminten dy't pland stiene yn de perioade tusken 10 july en 13 augustus. De measte Fryske doarpsfeesten binne dêrnei. De kosten dy't makke binne, falle net ûnder de regeling.

Foto: Omrop Fryslân

Dêrtroch bedarje organisatoaren fan doarpsfeesten no tusken wâl en skip, seit direkteur Theo Andreae fan stichting Doarpswurk, dy't doarpen stipet by alles wat dêr ûndernaam wurdt. Hy ropt it regear op om dat rjocht te setten.

Trefwurden: 
doarpswurk doarpsfeest stipe
(Advertinsje)
(Advertinsje)