Tennisser Sander Arends nei heale finale ATP-toernoai Båstad

15 jul 2021 - 16:33

Tennisser Sander Arends hat yn Båstad de heale finale berikt fan it pleatslike ATP-toernoai. Op it Sweedske gravel wie de Ljouwerter dûbeldspesjalist, mei syn maat David Pel, mei 6-2 6-2 te sterk foar thússpiler Andre Goransson en syn Deenske maat Frederik Nielsen.

Foto: Orange Pictures

It toernoai yn Båstad is in saneamd ATP-250 toernoai. Dat is in nivo heger as de challengertoernoaien dy't Arends en Pel gewoanwei spylje. Earder dizze wike wiene Arends en Pel mei 6-1 6-4 te sterk foar Luis Martinez út Fenezuëla en Artem Sitak út Nij-Seelân.

Tsjinstanners yn de heale finale binne Pablo Cuevas (Oerûguay) en Fabrice Martin út Frankryk.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Bastad
(Advertinsje)
(Advertinsje)