Fryske brânwachtlju nei Súd-Limburch foar helpferliening nei wetteroerlêst

15 jul 2021 - 16:14

Fjouwer ienheden fan Brânwacht Fryslân binne nei Súd-Limburch ôfreizge om dêr te helpen nei de grutte reinfal en oerstreamingen. De brânwachtlju fan De Lemmer, Jobbegea, Wolvegea en Harns dogge dit as part fan de Nationale Reddingsvloot.

Foto: Brandweer Fryslân

Ut namme fan Veiligheidsregio Fryslân leverje sy helpferliening.

De Fryske rêdingswurkers binne net de iennige minsken út oare parten fan it lân dy't ynset wurde.

Der binne leafst 24 ienheden fan de Nationale Reddingsvloot dy't ynset wurde foar it rêden en evakuearjen fan minsken yn it troffen gebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)