Bauke Vaatstra rekke troch ferstjerren Peter R. de Vries: "Ik hie noch hoop"

15 jul 2021 - 16:16

"Ik skrik der hiel bot fan", seit Bauke Vaatstra yn reaksje op it ferstjerren fan Peter R. de Vries. De misdiesjoernalist hat him bot ynset foar it oplossen fan de moardsaak fan dochter Marianne Vaatstra. "Op in bepaalde wize hie ik noch wol hoop. En no samar ynienen is er fuort."

Bauke Vaatstra oer it nijs fan it ferstjerren:

Peter R. de Vries hat de famylje Vaatstra bot holpen nei de moard op dochter Marianne yn 1999. Troch altyd oan te trúnjen op it ynsetten fan in grut DNA-ûndersyk koe jierren letter de moardner fan Marianne fûn wurde.

Oanslach

De Vries ferstoar goed in wike nei de oanslach yn de Lange Leidsedwarsstraat yn Amsterdam. De Vries waard ûnder fjoer naam, net fier fan de RTL Boulevard-telefyzjestudio. "Ik seach him noch geregeld op telefyzje", seit Vaatstra. "Ik mis 'm fêst."

Je tinke dêrnei dochs: hy rêdt it wol. Mar ferdikke, dochs. Ja dat is muoilik hear, hiel muoilik.

Bauke Vaatstra

Vaatstra hie tocht dat De Vries it dochs noch oprêde soe. "Je ferwachtsje it noch net. Dat der ris wat barre soe kin yn de ferwachting lizze, mar je tinke dêrnei dochs: hy rêdt it wol. Mar ferdikke, dochs. Ja dat is muoilik hear, hiel muoilik."

Bauke Vaatstra oer it ferstjerren fan Peter R. de Vries

Peter R. de Vries en Bauke Vaatstra yn 2012 - Foto: ANP

Foar Vaatstra betsjut it ek dat er sels wer yn 'e midden fan de belangstelling komt. "Je moatte de minsken ek wer te wurd stean, mar ik sis ek wol guon ôf. Oars wurdt it fierstente drok. Mar je dogge it: it is in freon en it is in ferskriklik barren. Alles komt werom fansels, je sjogge alles wer foar je."

(Advertinsje)
(Advertinsje)