RIVM: 259 nije besmettingen yn Fryslân, hast 100 mear as in dei earder

15 jul 2021 - 15:21

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 259 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 99 mear as woansdei, doe gie it om 160 coronabesmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen in lytse 211 besmettingen meld. Woansdei lei dat trochsneed op 186, in wike lyn op 33.

De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert mei 40 besmettingen. Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân mei 37 en Hearrenfean mei 36.

Skiermûntseach en Dantumadiel binne de iennige gemeenten dy't gjin nije besmetting melde.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 11.064 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike lanlik 9.191 besmettingen deis registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)