Mûlkapkeplicht yn Fryske sikehûzen jildt wer, Nij Smellinghe ein fan de dei pas

16 jul 2021 - 08:55

Besikers, pasjinten en personiel yn de Fryske sikehûzen moatte wer in mûlkapke opdwaan yn de gebouwen. De maatregel wie skrast, mar is tongersdei wer ynfierd mei it each op de groei fan it tal besmettingen. Yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten giet de regel letter yn.

Foto: ANP

It Regionaal Overleg Acute Zorg (ROAZ) hat besletten om de mûlkapkes wer yn te setten. "Het mondneusmasker zetten we opnieuw in omdat in het onderlinge contact niet altijd de 1,5 meter gegarandeerd kan worden."

Yn it sikehûs yn Drachten jildt de mûlkapkeplicht noch net. Guon meiwurkers en besikers freegje har freedtemoarn ôf wêrom't yn it sikehûs noch gjin mûlkapkes droegen wurde. In wurdfierder seit dat minsken noch ynformearre wurde moatte.

Alle maatregels folhâlde

It belangrykste bliuwt om ek alle oare foarsoarchsmaatregelen fol te hâlden, seit it ROAZ. Dat betsjut hannen waskje, oardel meter ôfstân hâlde, thúsbliuwe by klachten en teste litte by klachten. Dat jildt ek foar minsken dy't faksinearre binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)