Fytsers meie yn it wykein wer troch Ljouwerter winkelstrjitten fytse

15 jul 2021 - 13:03

Fan freed ôf meie fytsters yn it wykein wer oer de Nijstêd en de Wirdumerdyk yn Ljouwert fytse. Lang wie dat net mooglik om't der lange rigen foar de winkels stiene en dat soarge derfoar dat it te drok waard yn dizze strjitten.

Foto: Kappers Media

De Nijstêd en de Wirdumerdyk wiene lang ferbean foar fytsers, mar yn it wykein mei it no dus wer. Neffens de gemeente steane der gjin lange rigen mear foar de winkels. Ek de fytserekken binne fuorthelle.

Boppedat is der yntusken genôch plak om de sneonsmerk wer op de stoepe te hâlden. Dy stie earder op strjitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)