Problemen mei miljeuboat Marrekrite: konteners kinne net oeral lege wurde

15 jul 2021 - 11:17

De Marrekrite ropt boatsjefarders op har smoargens net by folle konteners te setten. Troch problemen mei de miljeuboat kinne net oeral de konteners lâns de wetterkant lege wurde.

Konteners fol ôffal - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De oprop wurdt dien om foar te kommen dat smoargens yn de natuer bedarret of ûngedierte oanlûkt. Boatsjefarders wurdt frege har ôffal mei te nimmen nei konteners dêr't noch wol plak yn is.

Hoelang't de miljeuboat fan De Marrekrite derút leit is noch net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)