Petysje foar behâld Welcome to The Village mear as tûzen kear tekene

15 jul 2021 - 10:53

Mear as tûzen minsken freegje de gemeente Ljouwert om him yn te setten foar it festival Welcome to The Village, dat troch problemen mei de fergunning net trochgean kin.

Foto: Ruben van Vliet

Tûzenen festivalleafhawwers soene har dizze dagen klear meitsje foar it evenemint dat freed losgean soe. It ferhaal is bekend: noch foardat de coronamaatregels oanskerpe waarden, sette de rjochter al in streek troch de fergunning. It festival soe skea oan de natuer yn de Griene Stjer tabringe.

De rjochtsaak wie oanspand troch stichting Groene Ster Duurzaam. Dy stichting is benaud foar natuerskea en krige gelyk fan de rjochter.

Festival de dupe fan skeel

De festivalorganisaasje fielt him yn de steek litten troch de gemeente Ljouwert. De saak mei de fergunning komt alle jierren werom, seit artistyk lieder Eva van Netten earder tsjin omrop LEO Middelsé. "De rechter heeft ook eerder al eens gezegd: ga met elkaar om tafel en zorg dat die vergunning gaat kloppen. Wij zijn een soort speelbal waar we nu de dupe van zijn."

In petysje om Welcome to The Village foar Ljouwert te behâlden, is yn minder as in wike goed 1.100 kear tekene. De ûndertekeners bale derfan hoe't it giet. It festival bringt al hast tsien jier kultuer, duorsume inisjativen, sosjale wurkgelegenheid en kohesy nei de stêd, sizze se.

Samen maken wij ons er zorgen over dat het festival de stad uit wordt gejaagd.

Jelmer Luimstra, ien fan de minsken achter de petysje

"Het enthousiasme voor de petitie toont aan dat Welcome to The Village geliefd is onder talloze burgers", seit Jelmer Luimstra. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers.

"Samen maken wij ons er zorgen over dat het festival de stad uit wordt gejaagd. Dit is ontzettend zonde voor de lokale cultuur, die door het duurzaam en innovatief opgezette popfestival juist opbloeide."

Chris Moorman fan it festival ropt minsken op noch wol nei Ljouwert te kommen yn it wykein

Gemeente: ons huiswerk overdoen

De gemeente Ljouwert sil letter dit jier goed nei it bestimmingsplan yn de Griene Stjer sjen, hat it kolleezje tasein.

"De festivals in de Groene Ster liggen juridisch zeer complex, waarbij we bij de rechter een aantal keren ongelijk hebben gekregen", sei in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert earder. "Daar leren we van, maar het betekent soms wel dat we een deel van ons huiswerk moeten overdoen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)