Friezen yn rampgebiet: "We moasten de camping fannacht halje-trawalje ferlitte"

15 jul 2021 - 10:54

Grutte wetteroerlêst yn it suden fan ús lân en ek yn parten fan België en Dútslân soarget foar grutte problemen. Yn it gebiet sitte ek Friezen, dy't in rare nacht meimakke ha.

Foto: ANP

Wytse de Vries docht rekreaasjewurk op in camping yn it suden fan Limboarch. "We sitte oan de Geul. Dat is gewoanwei in beekje fan trije meter breed. En ik stean der no njonken en ik tink dat it no wol mear as 100 meter breed is. It wetter raast hjir troch de bosken hinne."

De camping dêr't De Vries op sit, leit wat heger. Dêr falt de oerlêst ta. Mar se sjogge út op in camping oan de oare kant fan de grins, yn België. "Dy stiet foar de helte ûnder wetter."

It hat yn fyftich jier net sa west.

René Jongsma sit yn de Belgyske Ardennen

René Jongsma siet yn it plakje Polleur, yn de Belgyske Ardennen. "We waarden fannacht fan bêd helle, it leger fertelde dat we de camping halje-trawalje ferlitte moasten." Se binne nei in feilich gebou yn Spa brocht.

It gong need, seach Jongsma. "It wie soarchlik. In brêge hold it wetter tsjin, mar dy is stikken gongen. De brânwacht fertelde dat de auto's gewoan 'swommen'. It hat yn fyftich jier net sa west."

Yn Valkenburg driget in tekoart oan iten, guon hûzen binne fernield troch it wetter en yn ús buorlannen binne ferskate deaden en ferwûnen.

Trefwurden: 
wetteroerlêst Limboarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)