Simmerblog: Simmer yn Nijewier en Wetsens

15 jul 2021 - 21:34

Omrop Fryslân giet op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne we yn twa doarpen tagelyk yn Noardeast-Fryslân: Nijewier en Wetsens! Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Oant moarn!

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Nijewier en Wetsens. Tank foar it folgjen.

Moarn binne we yn De Rottefalle.

17:57
Sjoch hjir nei de telefyzje-útstjoering oer Nijewier en Wetsens
17:11
"Wy gean derfoar en wy gean grut"

We slute de dei ôf yn it doarpshús fan Nijewier. Dat sit ynienen hielendal fol. Ek Marjan Fennema komt efkes del: se fertelt oer har plannen foar in Iepenloftspul oer it Sionkleaster. "Myn fantasy waard prikele, om't it in frouljuskleaster is", seit Fennema.

Yn it doarp wiene se fuortdaliks entûsjast oer de plannen foar it iepenloftspul. "Foar't wy it wisten wiene wy al in stichting, wie der in foarsitter, wie der in bestjoer. En ik wie bliid."

Mar doe jage corona de boel yn bulten en koe it iepenloftspul foarearst net trochgean.

Yn it doarpshús fan Nijewier - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

No sil it iepenloftspektakel nei alle gedachten plakfine yn 2023. Net by it âlde kleaster, mar op it keatsfjild. "Wy binne fan doel om dik út te pakken. We gean derfoar en we gean grut", seit Fennema.

En dy útspraak, fynt ferslachjouwer Geert van Tuinen, is hiel typearjend foar de twa doarpen Nijewier en Wetsens.

Yn petear mei Marjan Fennema oer it iepenloftspul

16:39
Jenny Boonstra wennet op de restanten fan it âlde Sionkleaster

De famylje fan Jenny Boonstra wennet al fjouwer generaasjes lang op it plak dêr't earder it âlde Sionkleaster stie. Noch altiten skarrelje der hiel wat bisten oer it hiem, lykas doe't har pake en beppe hjir wennen.

It kleaster, boud yn 1165, wie in ryk kleaster. It hie in protte grûn, fan sa'n 600 oant 700 bunder. Rûn 1230 kamen de nonnen fan Skearnegoutum nei it kleaster en sy brochten in soad besittingen mei.

Jenny Boonstra wennet yn in âld kleaster - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Nei 1570 is it âlde kleaster leech rôve troch de Geuzen. De bewenners fan Nijewier hawwe de kleastermoppen dêrnei foar harren wenten brûkt, mar se sitte ek noch by Jenny Boonstra yn de muorre. Yn har tún kaam se boppedat hiel wat archeologyske fynsten tsjin.

De famylje fan Jenny Boonstra wennet yn it eardere Sionskleaster

16:24
In eigen plakje foar de jongerein
Gert Johan Zijlstra en Corina Tjeerdsma, bestjoersleden fan jeugdhonk It Hokje. - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

It is in prachtich moai plakje foar de jongerein, oan de râne fan it keatsfjild: jeugdhonk It Hokje. "Dan hawwe de minsken ek gjin oerlêst fan ús", laket Gert Johan Sylstra, bestjoerslid fan it jeugdhonk. It is in ideaal plakje foar feestjes of sportwedstriden. Ek net mis: it hat in eigen terras en der is sels in swimbad.

Corina Tjeerdsma, ek bestjoerslid: "Op in goeie jûn komme hjir wol 30, 40 minsken."

Gert Johan Zijlstra en Corina Tjeerdsma, bestjoersleden fan jeugdhonk It Hokje

15:16
Tiid foar ûntspanning: op besite by klankbeleving-terapeut Nadita Zang

Sa. Efkes tiid foar ûntspanning. De klanken fan klankbeleving-terapeut Nadita Zang klinke troch de romte. "De trillingen van de snaren gaan heel diep door het lichaam, en het zorgt voor een enorme ontspanning", leit de terapeute út.

Klankterapy by Nadita Zang - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

"It trillet alles yn it lichem in bytsje los", seit Janny út Dokkum, dy't op it spesjaal ûntwurpen klankbêd leit. "It lit net allinnich fysike spanning los, mar ek emosjonele en mentale spanning", fertelt se. "Soms hast efkes in triuwke nedich, dan kinst it sels net sa goed dwaan. Dan helpt in trilling."

De klankterapy fan Nadita Zang

13:44
De keatstoppers fan Nijewier

Leden fan Keatsferiening 'De Trije Doarpen' hawwe sneon yn Peins de bûnspartij foar skoalfamkes wûn.

Winners Hester, Isabella en Suzanna keatse al jierren meiïnoar, op KNKB-nivo. Dochs hiene se it swier op de bûnspartij fan ôfrûne sneon. Se moasten it opnimme tsjin de favoriten: Berltsum, Sint-Anne, Goaiïngea en Dronryp. Mar de famkes fan Nijewier waarden kampioen.

Nei ôfrin mochten Hester Isabella en Suzanne op de wein by de doarpen del.

De froulju fan de kleatsklup Nijewier - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

"Dit wie foar ús doarp wol in hiel bysûndere prestaasje", seit foarsitter Antsje Allema grutsk. "De froulju ha in topprestaasje levere."

De winners fan it NK Keatsen foar skoalfamkes

13:00
In kuierpaad fol spannende ferhalen

"Wy steane no yn Wetsens-Sintrum. Wy ha ek in Wetsens-Noard en in Wetsens-Súd", begjint Lenie Lap, fan de pleatslike kommisje fan Wetsens. Om it doarp hinne rint in hiel âld tsjerkepaad. Dêroer binne in protte ferhalen te fertellen.

"It is net sa bekend mar wy wolle it opknappe, sadat je it winterdeis en yn de simmer brûke kinne", seit Lap. No stiet it noch fol mei ferskate gerssoarten. Aanst moatte der stinzeplanten komme en planten dy't ek foarkomme yn de bibel.

Lenie Lap fan it tsjerkepaad Wetsens - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Ien fan de spannende ferhalen fan it tsjerkepaad is dat fan Andries. Hy wie in kluzener, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkers hie. Doe't de Dútsers nei him ta woene, kamen sy fêst te sitten mei de auto.

"De minsken út it doarp hawwe de Dútsers holpen, mar wol sa dat de auto dêrnei ferkeard om stie", seit Lap. "De Dútsers waarden advisearre om mar wer werom te gean." Sa binne de Dútsers noait oankommen by Andries. Dit soarte ferhalen wurde troch de minsken fan Wetsens trochferteld.

10:58
De mienskip fan Nijewier: meiïnoar ite

Tiny Weidenaar organisearret mei oare gastfroulju itentsjes foar minsken dy't oars allinnich ite moatte. "Der binne safolle minsken dy't iensum binne, dêr't minsken net oer de flier komme", seit Weidenaar. "Wy ha sein: litte we it doarp ris by delgean."

It die bliken dat der bot ferlet wie fan it meiïnoar iten. No bart it twa kear yn de winter, yn de simmer is der in high tea.

Tiny Weidenaar, Nijewier - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Mei corona waard it iten by de dielnimmers brocht, mar gewoanwei ite de minsken by de gastfroulju thús.

De gastfroulju meitsje op sa'n jûn sels it iten klear. "Se kinne by my wol stamppot krije, dat se by in oar in Yndyske rystafel krije", seit Weidenaar. "Elk docht it op syn eigen manier. It is in grut sukses."

Tiny Weidenaar organisearret itentsjes mei noch 5 oare gastfroulju

10:01
Op it wetter by Nijewier

Peter Tromp is havenmaster yn it splinternije haventsje fan Nijewier. Dy haven is krektlyn opknapt en no hat it doarp ek in eigen kanoplak.

"Dit haventsje wie in toarne yn it each", seit de havenmaster. "Wy seagen al jierren tsjin in stjonkende put oan. Wylst is eins it fisitekaartsje fan it doarp is, want jo komme faak fan dizze kant it doarp binnen."

Peter Tromp, havenmaster fan Nijewier - Foto: Omrop Fryslân / Willem Vermeltfoort

It doarp hat in arsjitekt frege foar it opknappen fan de haven. Mei 75.000 euro, dat út ferskate fûnsen kaam, koe it doarp de haven wer yn eare herstelle.

Eartiids wie it tige wichtich foar it doarp. De oanfier foar Nijewier en de doarpen yn de omkriten kaam binnen yn de haven. "De oanfier wie benammen foar de bakkers en de slachters. Dan moast tinke oan turf en takken en datsoarte fan dingen", seit Tromp.

Willem Vermeltfoort yn de haven fan Nijewier

Hjoed-de-dei wurdt de haven yn elk wer gefal brûkt troch rekreanten. Twa froulju farre no del yn in kano. "No sjochst de wrâld ek ris efkes fan de oare kant", seit ien fan de kanofarders.

9:50
Yn Nijewier hingje de flaggen út foar de Omrop

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort stiet by Sabina Atkins en Sietske van der Meulen. Harren doarp Nijewier hat sa'n 350 ynwenners en is eins in twillingdoarp, mei Wetsens. Dat hat krekt 50 ynwenners. Ferline jier oktober ferhuzen Sabina Atkins en har man nei it doarp yn Noardeast-Fryslân. Se fielden har fuort thús yn Nijewier.

"De openheid, de samenhorigheid en de vriendelijkheid van de mensen. Dat vinden we heel fijn hier. Dat mensen nieuwsgierig zijn naar wie je bent en naar wat je hier komt doen."

Sabina Atkins (l) en Sietske van der Meulen (r) - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Hjoed hingje boppedat de flaggen út yn Nijewier, spesjaal foar de Omrop. Sietske van der Meulen fertelt wat we allegearre sjen sille: it âlde stikje Nijewier, de doarpstún, de nije haven, en fansels noch in hiel soad oare nijsgjirrige saken.

Sabina Atkins en Sietske van der Meulen oer harren doarp Nijewier

9:30
Wolkom yn Nijewier en Wetsens!

Goeiemoarn! It is de fjirde dei fan Simmer yn Fryslân. Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne twa doarpen tagelyk oan bar: Nijewier en Wetsens.

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Juster wienen we yn Froubuorren. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)