Ljouwert krijt 20 miljoen om hûzen te ferduorsumjen

De gemeente Ljouwert krijt goed 20 miljoen euro fan it Ryk om yn totaal 1.610 hûzen te ferduorsumjen. It giet om hûzen yn it easten fan de stêd.
Ljouwert krijt stipe fan it Volkshuisvestingsfonds:
It jild komt út it lanlike Volkshuisvestingsfonds. Dêr hie Ljouwert in oanfraach dien fan 20.568.166 euro. Sels docht de gemeente der noch njoggen miljoen by.
De wyk Heechterp-Schieringen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Mei it jild wurde de hûzen yn de wiken Bilgaard, Oud-Oost, Heechterp-Schieringen en de Vrijheidswijk ferduorsume. It kostet in soad jild om hûzen bygelyks goed te isolearjen en te ûnderhâlden. Bewenners kinne dat sels faak net betelje. Sy kinne mei in regeling no 80% fan de kosten werom krije.

Net allinnich foar hûzen

De miljoenen binne net allinnich foar de hûzen, want de gemeente wol ek de iepenbiere romte foar it klimaat ferbetterje.
It wurk begjint yn de rin fan 2022. Yn totaal duorret alles sa'n tsien jier.
Sa wurket it Volkshuisvestingsfonds © Ryksoerheid