Lemster iismakker wint op online kampioenskip: "De sjuery hat myn iis makke"

In iismakker dy't online in priis wint, leit net foar de hân, mar Marten Riedstra fan IIskâld op De Lemmer hat it dochs foarelkoar krigen. Syn selsûntwurpen produkt foel yn de smaak by de Europeeske sjuery, hy waard tredde.
It iis fan Marten Riedstra © IIskâld
Lokwinske, Marten! In online iiswedstriid, hoe wurket soks?
"Dankewol! De sjuery siet yn Italië, dêr soe de wedstriid gewoanwei ek wêze, mar fanwege corona wie it no allegear digitaal. We ha ús spullen op kuoltransport set en derhinne stjoerd, beferzen en al. En mei in fideoferbining ha ik de sjefs fan de sjuery útlein hoe't se myn iis meitsje."
Dus sy ha it makke mei dyn yngrediïnten?
"Kloppet. It wie in Grykske yochert, en dan mei in sauske fan kaki. Dat is by ús yn Nederlân in frij ûnbekend stik fruit, mar it leit tsjintwurdich gewoan yn de supermerk. Dêr ha we wat mei betocht. En we ha it de namme Sweet & Happiness meijûn."
It is dus swiet?
"Bytsje swietsoer, ja. We ha it op smaak brocht mei ûnder oare stjeranys, in fanyljestokje en tonkabean. It is hartstikke moai wurden."
Marten Riedstra mei syn iis © IIskâld
Hoe kaamst eins by dizze wedstriid?
"Foarich jier ha ik yn Nederlân meidien, dêr koe ik it wol gewoan sels útfiere. En doe ha ik my kwalifisearre foar dizze Europeeske wedstriid, it Gelato Festival Europe. Mar fanwege corona wie it dus allegear digitaal, oars hienen we nei Italië ta moatten. Dat hie no ek net handich west trouwens, mei de drokte op it stuit yn ús iissaken."
Wat hast no wûn?
"No ha we ús kwalifisearre foar de wrâldkampioenskippen. Ik hoopje dat it dan net wer digitaal moat, want dêr is eins neat oan."
Leit it iis ek gewoan yn de winkel?
"It is ek by ús te priuwen, ja. It is in soad wurk om te meitsjen en kaki is in seizoensfrucht, dus dêr bist ek oan bûn. Mar binnen twa dagen leit it der wer."