Sjuery Rink van der Veldepriis wol reglemint feroarje

15 jul 2021 - 06:52

De sjuery fan de Rink van der Veldepriis wol dat ek eardere winners wer meidwaan meie. Op dit stuit stiet it reglemint fan de twajierlikse literêre priis soks net ta.

Foto: Omrop Fryslân

Dy regel soe feroare wurde moatte, sei de sjuery woansdei by de útrikking fan de priis oan de Stellingwarver skriuwer Johan Veenstra. Neffens de sjuery is it net mear fan dizze tiid. "It giet ommers om in wedstriid en dy heart iepen te wêzen."

Mar der spilet noch mear, fertelde sjuerylid Joukje Aardema. "By elke nije útrikking liedt it hanthavenjen fan dizze bepaling derta dat de molke geandewei ôfrjemme wurdt, hielendal no't it tal publikaasjes mear en mear ûnder druk stiet."

De kâns nimt ta dat it winnende boek net mear perfoarst it bêste boek is.

Sjuerylid Joukje Aardema

En dan is der minder om út te kiezen. "Dêrmei nimt de kâns ta dat it winnende boek - dat eins it bêste boek wêze moatte soe - by einsluten net mear is as 'best of the rest'."

It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dat tegearre mei de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis útrikt, sil de oprop fan de sjuery mooglik op in folgjende gearkomste beprate.

"Noch mear incrowd"

Willem Verf is âld-foarsitter fan de stifting FLMD en hy hat it reglemint mei opsteld. Hy fynt dat it net feroare wurde moat. "Dan bliuwe de prizen en it jild dat dêrby heart sirkulearjen yn in lyts groepke skriuwers. It nije foarstel makket de Fryske skriuwerswrâld noch mear 'incrowd'. En dat moatte we net ha."

Neffens Verf binne der genôch debutanten dy't de priis winne kinne. De Rink van der Veldepriis waard foar it earst útrikt yn 2004. Johan Veenstra is de earste winner dy't net yn it Frysk skriuwt mar yn in Fryske streektaal, it Stellingwerfsk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)