Provinsjebestjoer: Beslút oer farferbod by Terherne is 'juridysk risiko'

15 jul 2021 - 06:15

It beslút om grutte frachtskippen te ferbieden om oer it wetter by Terherne te farren, is in juridysk risiko. Dat seit deputearre Avine Fokkens.

De rekreaasjesektor is bliid mei it ferbod - Foto: ANP

Fokkens tinkt dat skippers nei de rjochter stappe kinne, as se gjin tastimming krije om troch Terherne te farren. Dy soe it beslút dan weromdraaie kinne.

De farwei nei It Hearrenfean is sûnt 7 july net mear tagonklik foar skippen grutter as 86 meter lang en 10,5 meter breed. Dat ha de Provinsjale Steaten koartlyn besletten.

De farwei rint troch Terherne. Dêr sizze de minsken dat se de grutte skippen gefaarlik fine, omdat it wetter ek troch oare boatsjeminsken brûkt wurdt.

Kamera's wize út: der is gjin gefaar

Deputearre Fokkens seit no dat it net objektyf fêststiet dat de skippen foar gefaarlike situaasjes soargje. "We hebben dat een aantal jaren met camera's in de gaten gehouden. En uit die beelden blijkt dat er geen sprake is geweest van bijna-ongelukken of iets dergelijks."

Fokkens is it net iens mei it beslút fan de Steaten. "Wij zeggen: dan kun je misschien maar beter een paar grote schepen hebben, in plaats van meer kleinere."

In kanaal troch de greide

Beropsskippers en wettersporters soene graach wolle dat der in nij kanaal komt, fan It Hearrenfean rjochtút it Prinses Margrietkanaal op, yn pleats fan de bocht om, en dan troch Terherne hinne.

In stik troch de greide soe as alternative rûte tsjinje kinne - Foto: Omrop Fryslân

Foar dizze nije rûte soe it saneamde Henshúnsterdiel útgroeven wurde moatte. Dat soe tsientallen miljoenen kostje. Fokkens seit dat dat net helber is, omdat de gemeente Hearrenfean net meibetejle wol.

Neffens Fokkens hat dy gemeente oanjûn dat der 'oare prioriteiten' binne. De gemeente sit finansjeel yn swier waar. Om te besunigjen, har de gemeente al bepaald dat beammen minder faak snoeid wurde, en strjitlampen net mear himmele.

"Dit kan wel een staartje krijgen"

Fokkens tinkt dat der wol bedriuwen binne dy't de stap nei de rjochter oandoarre, as se gjin tastimming krije om troch it kanaal by Terherne te farren. "Dit kan wel een staartje krijgen, ja."

(Advertinsje)
(Advertinsje)