Sytse Bokma pakt deititel en liederstrui yn Gryptsjerk

15 jul 2021 - 06:01

Sytse Bokma út Hylpen hat de fiifde fierljepwedstriid fan it seizoen wûn. Yn Gryptsjerk kaam er ta 20,76 meter. Bokma nimt dêrmei de lieding yn it klassemint oer fan Oane Galama en start sneon yn Burgum yn de Fryske liederstrui.

Sytse Bokma yn Gryptsjerk - Foto: Martin de Jong

De topklassers hellen net it heechste nivo fan dit seizoen. Fiere sprongen wienen amper te sjen. Sytse Bokma wie de útsûndering op de regel. Hy sette mei 19,52, 19,61 en 20,76 meter de trije fierste ôfstannen fan de dei op it boerd. Dy 20,76 is like fier as syn persoanlik rekôr, dat er ferline wike ljepte yn Drylts.

Ysbrand Galama helle yn de finale mei 19,46 it twadde plak, Nard Brandsma waard tredde (18,48). Oane Galama waard sechsde (17,72) en ferspile de liederstrui oan Bokma.

Sytse Bokma hopet om dit seizoen nochris de 21 meter te heljen:

By de junioaren gie de deititel ferrassend nei Minne Smit út Winsum. Hy sette in nij persoanlik rekôr del fan 18,64 meter. Wisse Broekstra waard twadde (18,49) en Rutger Haanstra pakte it brûns (18,10).

Boschma hellet út

By de froulju soarge Tirza Boschma foar spektakel troch mei in prachtige sprong, wêrby't se hast stil stie, flink foarby de 15 meter te ljeppen: 15,32 is in nij PR en goed foar har earste deititel dit seizoen. Sigrid Bokma waard twadde (15,02) foar Pytrix Westra (14,49).

By de jonges pakte Arend Veenstra út Surhuzum syn fiifde titel op rige, dizze kear mei 17,36. Douwe Abma (16,58) en Germ Terpstra (15,77) folgen op respektabele ôfstân.

Hanneke Westert út Snits wûn by de famkes mei 14,85 meter. Dêr waard Hilde van der Weij út Sint-Jabik kreas twadde mei 14,50 (PR). Inger Haanstra waard tredde (13,19).

Sjoch hjir nei de hichtepunten:

(Advertinsje)
(Advertinsje)