Frustraasje is 'megagrut' nei skrassen skûtsjesilen: "Hjir dogge we alles foar"

De frustraasje is mega-grut, nei it skrassen fan it skûtsjesilen. Dat seit skipper Harmen Brouwer fan Langwar. Hy brûkt ek oare wurden.
Sjoch hjir nei de reaksje fan skipper Harmen Brouwer
"Dit is in fette teloarstelling", seit Brouwer. It is hielendal waardeloas. Foarige wike hiene we noch grien ljocht, en doe skeaten de sifers omheech. We binne strâne yn it sicht fan de haven. Dat is hielendal kut."
Nei in driuwend advys fan de belutsen boargemasters besleat de SKS dat der dit jier net syld wurde koe. Neffens foarsiter René Nagelhout is it beslút naam mei pine yn it hert. "Ien ding stie foarop: Sile!"
© ANP
De boargemasters tinke dat der tefolle publyk op ôf komt, as der syld wurdt. De minsken soene net yn de hân holden wurde kinne. Dat jildt ek foar de IFKS.
It betsjut dat der fan 't simmer hielendal gjin skûtsjesilen is. Dat is 'hartstikke soer', seit Harmen Brouwer. Hy is al mear as twa jier skipper op it skûtsje fan Langwar, mar hat noch gjin wedstriid syld.
"It giet om dy twa wiken. Dêr libje je foar, dêr dogge je alles foar, en dêr litte je alles foar. As dat net trochgiet, is it hartstikke soer", seit Brouwer.
Hy rjochtet de blik no op takom jier, mar hy wit dat er in jier lyn itselde sei. "Foarich jier tochten we, it wurdt 2021. We koene net leauwe dat it no noch sa wie. Mar it is net oars. Takom jier wolle we flamme. As it dan wer net trochgiet, fret ik myn skuon op!"

Fier fuort

Takom jier is fier fuort, seit skipper Klaas van der Meulen fan Wâldsein. Foardat de SKS it beslút bekendmakke, hie er noch hoop op in alternatyf. Dy hoop is der net mear, mar hy bliuwt posityf. "Yn 2022 moatte we sile. Dat moat. Dat moat."
Sjoch hjir nei de reaksje fan Klaas van der Meulen
By de organisaasje fan de SKS is de teloarstelling ek hiel grut, seit foarsitter René Nagelhout. Hy hie graach sile wollen. "Fansels! Mar je moatte de eagen net slute foar de ûntwikkelingen dy't der binne. We sjogge no nei takom jier, net mear nei dit jier."