Slachter mei woarst net mear rikje, ek al docht er dat al hast 30 jier

14 jul 2021 - 18:52

In slachter op De Jouwer mei gjin drûge woarst mear rikje yn de winkel. As er it wol docht, krijt er in boete dy't oprinne kin oant boppe de 17.000 euro.

Veenstra hat 28 jier gelok hân

De slachter sit al tsien jier op de Midstrjitte. Trije jier lyn ferhuze er nei in nij gebou oan dyselde strjitte. Op it âlde plak hat er nea klachten krigen, mar hjir wie dat al gau oan de oarder.

Twangsom

It gemeentebestjoer fan De Fryske Marren hat slachter Obe Veldman in twangsom oplein, fan 1750 euro, foar alle kearen dat er nei 26 augustus noch fleis rikket yn syn slachterswinkel. De boete kin oprinne oant 17.500 euro.

Veldman begrypt de klachten net. Wa't derfoar kiest om achter in winkelstrjitte te wenjen, kiest net foar in stiltegebiet, seit er. "Dan moatte je akseptearje dat der lûden en luchten binne."

Omwenners wolle op dit stuit net tefolle sizze. Se jouwe wol oan gjin problemen te hawwen mei de slachter, mar wol mei de stjonkerij.

Tsientûzen euro's holpen net

De gemeente sei al earder dat de oerlêst oanpakt wurde moast. Dat die de slachter, mei in ynvestearring fan 30.000 euro. De kuolynstallaasje waard in stik stiller, mar de stank bleau.

Undersyk hat útwiisd dat der mear reek en stank wie as tastien. En de slachter hie gjin fergunning foar de reekkast, seit de gemeente.

Veldman is al 28 jier slachter, earst 18 jier yn Balk en dêrnei op De Jouwer, en hy hat noch nea in fergunning hân, seit er. "No seit de gemeente dat we al dy tiid gelok hân ha, mei buorlju dy't net klage ha. Dan binne we útpraat."

Foto: Omrop Fryslan

Wethâlder Irona Groeneveld fan de gemeente De Fryske Marren fynt dat gjin goed argumint: "As je al fiif jier lang sûnder rydbewiis ride en dan oanhâlden wurde, kinne je ek net sizze dat se dat mar earder dwaan moatten hiene."

Foarige wike kaam Veldman noch by de gemeente del om te praten oer in oplossing. De dei derfoar krige der op de matte al in brief mei in twangsom.

De gemeente hie dúdlik sein dat it petear gean soe oer it fuortheljen fan de reekkast, mar Veldman sels hie noch hope op in oare oplossing.

'Drûge woarst jout in sterke geur"

"It drûgjen fan de drûge woarsten wurdt dien mei turf en houtsnippers. Dat jout yndie in sterke geur. Dat hiene we noch ergens oars dwaan kind, sadat we hjir ús spek, ús hammen, ús reekwoarsten en en ús oare woarstsen noch rikje kind hiene. Dat feroarsaket folle minder oerlêst, mar dêr is gjin diskusje mear oer mooglik."

De wethâlder begrypt dat it lestich is foar de slachter, mar kin neat oan de sitewaasje feroarje. De reekkast moat fuort.

(Advertinsje)
(Advertinsje)