Rutte: Thúswurkjen wer de noarm, en fentilaasje fjirde basisregel

14 jul 2021 - 18:30

Minsken moatte wer safolle mooglik thús wurkje. Dat sei premier Mark Rutte yn de Twadde Keamer. It kabinet tocht earst dat misken wol wer nei kantoar koene, mar dat advys sil feroarje.

Foto: ANP

No noch wurde minsken advisearre om heechút de helte fan de wike nei kantoar te kommen, en allinne as se dêr genôch ôfstân hâlde kinne.

Rutte sei yn de Twadde Keamer dat er werom wol nei it foarige thúswurkadvys: safolle mooglik thúswurkje, as dat kin. "Als jullie het ermee eens zijn, ik zie niemand opspringen, dan gaan we dat doen."

Fentilaasje

It kabinet heakket in fjirde basisregel ta oan de trije regels dy't der noch wiene: fentilaasje. Neist de 1,5 meter ôfstân, hannen waskje en teste en thúsbliuwe by klachten, wurdt frisse lucht no ek belangryk, sei Rutte yn it debat.

"Dat zijn we aan het uitwerken en daar gaan we verder mee aan de slag", sei Rutte. "We zullen het ook op een bordje toevoegen bij de persconferenties."

Fentilaasje is in saak foar profesjonals, sei Rutte. "Voor je het weet doet iedereen een ventilator aan en verspreiden ze daarmee juist het virus." Der wurdt noch besjoen hokker maatregels naam wurde moatte.

Polityk ferantwurdlik foar besmettingen

It Fryske keamerlid Aukje de Vries (VVD sei yn it debat dat it better west hie - mei de kennis fan no - as de ferrommingen mear yn fazen trochfierd wiene.

Neffens De Vries is de Twadde Keamer meiferantwurdlik foar it oprinnen fan de besmettingen, omdat dy akkoart gien is mei de ferrommingen.

Neffens Rutte hat it kabinet de effekten fan de ferrommingen ûnderskat. "We hebben het gedrag onderschat en we hebben overschat in elke mate we de risico's konden beperken." Dat rekkenet er himsels oan, seit er, en net de jongeren, dy't no op grutte skaal besmet rekke binne.

Trefwurden: 
Mark Rutte coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)