Trije kear is skippersrjocht: Johan Veenstra krijt dochs belangrike boekepriis

14 jul 2021 - 18:21

Skriuwer Johan Veenstra (74) fan Nijeholtpea hat no dochs de Rink van der Veldepriis krigen. Dat soe eins in jier lyn al, mar de útrikking is twa kear útsteld, fanwege it coronafirus.

Foto: Omrop Fryslan

Veenstra krijt de priis foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi'j. It is foar it earst dat de priis takend wurdt oan in boek dat yn in streektaal skreaun is. Veenstra skriuwt yn it Stellingwerfsk.

De twajierlikse Rink van der Veldepriis waard foar it earst ûtrikt yn 2004. Eardere winners wienen Koos Tiemersma, Harmen Wind, Auck Peanstra, Arjen Terpstra, Ferdinand de Jong, Ale S. van Zandbergen, Anne Feddema en Willem Schoorstra. Mei dizze priis wolle de inisjatyfnimmers de neitins oan Rink van der Velde yn libben hâlde en syn betsjutting foar it Frysktalich proaza ûnderstreekje.

Om yn oanmerking te kommen foar de priis, dy't alle twa jierren útrikt wurdt, moat in boek skreaun wurde yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen, moat it oanslute by it wurk fan Rink van der Velde en moat it in breed lêzerspublyk oansprekke. Dat docht Veenstra dus, fynt de sjuery, dy't bestie út Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma.

Aktyf foar de Omrop en Ljouwerter

Veenstra droech seis jier lang hast alle wiken in ferhaal foar by Omrop Fryslân, ûnder de namme Stellingwerver Stiekelstokkies. Hy skriuwt ek kollums foar de Ljouwerter Krante. Fan 2001 oant 2010 die er dat ek al. Veenstra is de opfolger fan Willem Schoorstra, dy't twa jier lyn de priis wûn. Twa jier dêrfoar gong de priis nei Anne Feddema.

(Advertinsje)
(Advertinsje)