Boargemaster oer streek troch SKS: Dêr jilde deselde arguminten as foar de IFKS

14 jul 2021 - 10:15

Noch foardat dúdlik wie dat de SKS besletten hie om it kampioenskip te skrassen, liet boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren trochskimerje dat de kâns grut wie dat it skûtsjesilen net trochgean koe.

Foto: ANP

De IFKS hie it kampioenskip doe al skrast, omdat der safolle publyk op ôf komme soe, dat de coronaregels net te hanthavenjen binne. Foar de SKS jilde deselde arguminten, sei Veenstra.

Der binne alle jierren twa kampioenskippen skûtsjesilen, direkt nei mekoar. De SKS is it âldste. Dêr dogge 14 skippen oan mei, en de skippers binne ôfkomstich út âlde skippersfamyljes. De IFKS hat in iepen karakter. Dêr mei elkenien oan meidwaan. Meastal binne der mear as sechstich skûtsjes, dy't sile yn ferskillende klassen.

De SKS hat al 'in stânpunt ynnaam', sei Veenstra, mar dy organisaasje wol it earst diele mei de leden, foardat it nei bûten komt. De SKS wol foar dy tiid net by Omrop Fryslân reagearje.

Veenstra sei dat de SKS jûns bekend meitsje soe hokker beslút oft der naam is. Hy woe dêr net op foarút rinne, mar 'ûntkent net' dat de arguminten by de SKS en de IFKS itselde binne.

De IFKS is skrast, omdat it publyk net yn de stringen te hâlden wêze soe. En by de SKS is der faak sels mear publyk.

"It giet net de goeie kant op"

"Yn Fryslân nimt it oantal besmettingen stevich ta", sei Veenstra. "Hjoed ek wer. It giet net de goeie kant op. En dan moatte wy ús knopen telle. De sitewaasje is 180 graden oars as foarige wike."

In wike lyn sei de SKS noch dat it kampioenskip dit jier, mei in pear oanpassingen, wol trochgean koe. Foarsitter René Nagelhout sei doe dat der keazen wie foar konsesjes om dochs sile te kinnen.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS SKS
(Advertinsje)
(Advertinsje)