RIVM: 160 nije besmettingen yn Fryslân, ien sikehûsopname

14 jul 2021 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 160 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 62 minder as tiisdei, doe gie it om 222 coronabesmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 185 besmettingen meld. Tiisdei lei dat trochsneed op 170, in wike lyn op 23.

De measte besmettingen binne meld yn de gemeenten Smellingerlân en Súdwest-Fryslân, mei elk 23. Skiermûntseach en Flylân binne de iennige gemeenten dy't gjin nije besmetting melde.

Ien sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der is wol ien Fries it sikehûs rekke. Dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 10.492 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike lanlik 8.395 besmettingen deis registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)