Spulwike Easterwierrum troffen troch coronafirus: 100 bern moatte thúsbliuwe

Tsientallen begelieders fan de Spulwike yn Easterwierrum sitte yn thúskarantêne. De spulwike wurdt dizze wike foar hûnderten bern hâlden yn Easterlittens, Weidum en Easterwierrum. Woansdei die bliken dat twa begelieders yn Easterwierrum mooglik corona hawwe.
De Spulwike yn Easterlittens © Marlou de Jong
Op moandei en tiisdei hat in groep bern al dielnaam oan de spulwike. De 100 bern dy't fan woansdei ôf yn Easterwierrum nei de Spulwike soene, moatte no thúsbliuwe. Sa'n 40 begelieders sitte yn karantêne.
Neffens de organisaasje is der alles oan dien om de Spulwike dit jier wol trochgean te litten. Sa sit de begelieding yn in 'bubbel', wurdt der alle dagen test en hat de lieding fan de doarpen ûnderling gjin kontakt. Dêrtroch kinne de 450 bern dy't meidogge oan de spulwike yn Weidum en Easterllittens gewoan trochgean.