Smedema krijt gjin fergoeding; hannel yn ferbrânde muntsjes is gjin goudmyn

14 jul 2021 - 14:26

De Nederlandsche Bank (DNB) hoecht de ferbrânde euromuntsjes fan de Fryske ûndernimmer Rob Smedema net werom te nimmen en te fergoedzjen. Dat hat de Raad van State woansdei besletten yn de rjochtsaak tusken syn bedriuw en de bank.

Foto: Shutterstock.com (Alfonso Vennari)

Smedema tocht dat er in goudmyn hie mei de hannel yn euromuntsjes dy't yn de ôffalferbrâningsoven west hienen. Hy kocht se op yn Azië. Nei it skjinmeitsjen levere hy se yn by De Nederlandsche Bank.

Dy sei dat se te min wienen om noch brûkt te wurden as betelmiddel. Se wienen troch de gemyske behanneling lichter en lytser, bobbelich en hienen in swarte oanslach. Om't Smedema in fergoeding ha woe, stapte er de nei de Raad van State, mar dy wiisde dat dus ôf.

Neffens de ûndernimmer is it 'serieus geld' en neffens him stekke se by de DNB sa jierliks miljoenen yn de bûse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)