Grutte skippen net mear nei It Hearrenfean; rekreaasjefeart bliid

14 jul 2021 - 16:06

De farwei nei It Hearrenfean is sûnt 7 july net mear tagonklik foar skippen grutter as 86 meter lang en 10,5 meter breed. Dat ha de Steaten koartlyn besluten. De rekreaasjefeart is bliid dat nei jierren fan striderij it beslút definityf is.

Prinses Margrietkanaal - Foto: Hans Molema

Foar de bedriuwen oan de farwei bringe de nije ôfmjittingen fan in frachtskip de nedige problemen mei him mei. Se binne dan ek dwaande om te sjen oft der toch noch in oplossing is om gruttere skippen ta te litten. Bygelyks troch saneamde 'bloktiden' yn te fieren.

Dat betsjut dan dat de gruttere skippen allinnich op it trajekt farre as der gjin of minimaal rekreaasjefeart is. De fertsjintwurdigers yn de rekreaasjesektor sjogge dat net sitten. Foaral ek om't neffens harren de grutte skippen ek foar skea soargje oan bygelyks de wâlskanten.

Dam Beton yn Akkrum - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ien fan de bedriuwen dy't gebrûk makke fan de lange frachtskippen is Dam Beton yn Akkrum. Se krije oanfier fan grûnstoffen fia de frachtskippen en moatte no lytsere skippen ynhiere en dat freget logistyk om de nedige oanpassings dy't neffens Henk Dam fan Dam Beton net altyd like maklik binne. Boppedat ferfiert it bedriuw ek heipeallen oer it wetter. Dy binne lang fan stik en dan is it ferfier yn lange frachtskippen ideaal.

Henk Dam: "We wolle ek mear fan ús produkten ôfsette per skip, foaral nei it westen." Hy fynt it beslút fan de Steaten spitich. "Dat hâldt yn dat we mear skippen farre litte moatte. Dat kostet mear mar jout ek mear CO2-útstjit dus binne ús duorsumheidseasken ek dreger te heljen."

Alternatyf: omliede of yn bloktiden farre

Hy fynt it net logysk dat wol ynvestearre wurdt yn it PM-kanaal om dat geskikt te meitsjen foar grutte skippen, mar dat se de stikken nei de binnenhaven oerslaan. Oan de oare kant begrypt er de belangen fan de wettersport en rekreaasje ek. "Ik tink dat in stik fan it kanaal omlein wurde moat sadat rekreaasje skieden wurdt fan de beropsfeart. Op koarte termyn soenen we yn bloktiden farre kinne sadat der minder hinder is foar rekreaasje."

Rekreaasjefeart is bliid

De farwei rint troch Terherne. It kanaal is geskikt foar skippen oant 86 meter. Grutte skippen hawwe nochal wat sûging, dat soarget ek foar problemen mei slib foar de ynstekhavens fan Terherne. Dy rekreaasjesektor praat der al sân jier oer en is bliid mei dit beslút.

Alexander van Walsum fan Yachtcenter Wetterwille yn Terherne fynt dat de grutte skippen net geskikt binne yn it gebiet. Se binne in gefaar foar de rekreaasjefeart en se farre meastentiids ek noch te hurd. "Dit water is niet ontworpen voor schepen van 100 meter. Een zeilbootje ziet een enorm schip op zich afkomen, dat is nooit de bedoeling geweest", seit Alexander van Walsum.

Noch net útiten

Neffens ferslachjouwer Onno Falkena is de kwestje noch net útiten. "Der komt in lobby fan it bedriuwslibben." In mooglike oplossing is it útgraven fan it wetter Henshúnsterdiel oant it PM-kanaal om berops- en rekreaasjefeart út elkoar te hâlden. Mar dan bist tsientallen miljoenen euro's en in oantal jierren fierder."

Henk Dam en ferslachjouwer Onno Falkena oer de kwestje

(Advertinsje)
(Advertinsje)