Fries om utens Dennis Wiersma (VVD) nije demisjonêre steatssekretaris

VVD-Keamerlid Dennis Wiersma, hikke en tein yn Frjentsjer, wurdt mei yngong fan 10 augustus demisjonêr steatssekretaris fan Sociale Zaken en Werkgelegenheid. Hy wurdt de opfolger fan Bas van 't Wout. Wiersma (35) wennet op it stuit yn Utrecht.
Dennis Wiersma yn de Twadde Keamer © ANP
Van 't Wout gong fuort as steatssekretaris omdat er minister fan Economische Zaken en Klimaat waard. Yntusken sit er mei in burn-out thús.
Wiersma wie earder aktyf foar studintefakbûn LSVb en foarsitter fan FNV Jong. Sûnt 2017 sit er foar de VVD yn de Twadde Keamer. Hy wie foar dy partij as Keamerlid ek wurdfierder op it mêd fan sosjale saken en wurkgelegenheid.