Klap foar IFKS: kampioenskip giet dit jier net troch

14 jul 2021 - 11:34

De Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) gean dit jier net troch. Dat hat it bestjoer besletten nei oerlis tiisdeitejûn mei de boargemasters Jannewietske de Vries (Súdwest-Fryslân) en Fred Veenstra (De Fryske Marren).

IFKS op De Lemmer - Foto: Martin de Jong

De teloarstelling by de IFKS is grut. "Hoe vreselijk wij het ook vinden, ons bestuur heeft nu geen andere keus dan de kampioenschappen 2021 niet te laten doorgaan. Dit is een enorme teleurstelling voor de schippers en teams van 62 skûtsjes. Eerst zouden zij dit jaar niet kunnen zeilen, toen weer wel en nu toch niet!", sa skriuwt de organisaasje yn in brief oan de leden.

De kampioenskippen soene plakfine yn 'sobere vorm' yn ferbân mei de coronamaatregelen sa skriuwt de organisaasje yn in brief oan de leden. Mar de oprinnende besmettingssifers ha derfoar soarge dat de plannen feroare binne.

Het totaal afsluiten van oevers en water voor publiek lijkt, zelfs met inzet van boa's, politie en verkeersregelaars, onmogelijk.

De IFKS oan de leden

Benammen it yn de stringen hâlden fan publyk is in grut probleem, sa skriuwt de IFKS. "Waar de gemeenten eerst meenden dat door een goed ontmoedigingsbeleid de toestroom van publiek beperkt zou kunnen worden, moet het begrip "zonder publiek" nu letterlijk worden genomen. Het totaal afsluiten van oevers en water voor publiek lijkt, zelfs met inzet van boa's, politie en verkeersregelaars, onmogelijk", is te lêzen yn de brief.

Foar alle belutsenen is it in grutte teloarstelling

Sicko Heldoorn is foarsitter fan de IFKS. "It is in enoarme klap. We ha praat mei de belutsen boargemasters fan De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân en dy dienen in driuwend berop om it net te organisearjen, dus we hienen gjin kar mear." Der is goed gearwurke om it wol trochgean te litten.

Foar elk is dit in drama.

Sicko Heldoorn, foarsitter fan de IFKS

"It is dramatysk, net inkeld foar de skippers en de bemanningen fan de 62 skûtsjes. Mar ek foar alle frijwilligers, pleatslike kommisjes, wedstriidlieders en bestjoeren. Foar elk is dit in drama."

Ofsluten fan oevers en wetters net helber

It grutste argumint fan de gemeente is dat it publyk net tsjin te hâlden is. "Kwa organisaasje wienen we der klear foar, mar ien ding kinne we net regelje en dat is it publyk. De gemeenten sjogge dat de betingsten no sa feroare binne en sjogge gjin oare wei as it publyk keare. It ôfsluten fan oevers en wetters foar publyk sjocht men net as helber. Dat fine we spitich, mar as der in kâns west hie, dan hienen we dy pakt. We begripe it en we begripe ek dat it gjin doel hat om fol te hâlden dat it wol kinne soe. Men kin gewoan gjin tastimming jaan. It is yn- en yntryst foar elkenien."

De IFKS hie al flachjes drukke litten en ek de prizen binne oanskaft. It is de twadde kear op rige dat it net trochgiet. "De skippers hienen fansels hope dat it trochgean soe, mar in part fan de achterban wol ek dúdlikheid."

Sicko Heldoorn

(Advertinsje)
(Advertinsje)