De toan fan Froukje Sijtsma: "Skatsykje"

"Se smyt har sparpot leech op 'e tafel. Se docht de brune 5 sinten by inoar. De gouden fan 10, 20 en 50. Nei de simmer giet myn famke Amber nei groep 3. Ik help har mei it tellen fan de munten en fertel dat se in royale 7 euro foar har lizzen hat. Se sjocht my mei grutte eagen oan en docht it jild yn har beurske.
"Do bist hjoed de baas oer dizze muntsjes, Amber", sis ik. "Do meist hielendal sels bepale watst der foar keapje silst." "Ek as mem it net moai fynt?", freget se. "Ja, absolút", sis ik laitsjend. Ik sjoch der no al nei út wat wy dizze dei allegear belibje sille.
Foar't we nei Gytsjerk tagean foar de grutte garaazjesale yn it doarp, helje we earst myn freondinne Nienke en har lytse poppe fan 3 moannen noch efkes op. Wat Nienke oanbelanget bedarret se alle wykeinen yn kofferbakken, kringlopen of garaazjes dêr't se sykje kin nei prachtige peareltsjes. En dat wylst se thús in ynterieur hat dêr't opromekspert Marie Kondo har wis en wrachtich in dikke tsien foar jaan sil. Sa netsjes, stylfol en sûnder oerstallige meuk.
Nienke docht yn Gytsjerk har lytse famke yn de draachpûde en seit: "Ja schatje, dit hoort allemaal bij je opvoeding. Efkes lekker strune met mama." Amber sjocht wat skruten om har hinne as we by ien it hiem oprinne. Ik moat laitsje: myn stoere famke dat it leafst yn ferkearsbuorden klimt, alle hûntsjes yn de buert aait en mei eltsenien in gesprek oangiet, is wat benaud foar de garaazjesale. "Ik wol nei hûs mem, ik fyn it hjir stom", seit se. "Kom mar, mem tilt dy wol efkes op." Se is hast net mear te huffen, mar it soe dochs skande wêze at ús aventoer nei in kertier al wer foarby wêze soe.
"Wolst miskien earst efkes nei it springkessen ta of in sûkerspin hawwe?" It blykt in gouden greep. We rinne nei in hûs ta dêr't in heit profesjoneel mei houten stokjes yn in boarterssûkerspinmasine oan it ombargjen is. Nei in pear minuten draaien krijt Amber in stokje taskood mei in pear suterige spinreachjes deroan. Se fynt har sûkerspin hearlik. En boppedat, betelle mei jild út eigen beurs.
Wylst we nei in folgjend kreamke tarinne, komt der in frou oan dy't Amber in lyts knuffelbearke jout en har in fluitsje oan in keycord omdocht. "Dy binne foar dy leave", seit de frou. Amber glunderet. Wat fierderop krijt se alwer in knuffelbist taskood fan ien. Ek de lytse poppe krijt genôch oandacht. De lytse poatsjes dy't oan wjerskanten út de draachpûde bongelje wurde gauris aaid.
"Wat wonen er in Gytsjerk gezellige en relaxte mensen, zeg", seit Nienke. Se hat gelyk. It giet allegear hiel gemoedlik yn Gytsjerk. Want eins hie ik ûnbewust wat oars ferwachte by it foarportaal fan de Wâlden, dat dochs in bytsje it hannelwalhalla fan Fryslân is dêr't de minsken hast alle dagen wol ferkeap oan de dyk hawwe. Mar oan keihurde hannel en hantsjebakke wurdt yn Gytsjerk dizze dei net dien.
Amber rint nei in taffeltsje ta mei sieraden en stiennen. Knuffelstenen Rozenkwarts. Se binne oe sa sacht, en mar 1,50 euro. Krûpend mei har rôze stientsje rinne we fierder. No hat se de smaak te pakken. In stoere skoudertas mei glitters, mei de kaartsjes der noch oan foar 3 euro. Se siket sekuer fierder. Fiif lipgloskes mei lollysmaak noch nij yn de ferpakking foar 50 sint. In doaske mei kleurplaten en filtstiften mei fruitgeur foar 1,50. En in houten blokkepuzel en kraaltsjes om sels in ketting fan te meitsjen, dy passe der ek noch wol by.
Har beurske is hast leech as har each falt op in boartersguodhûntsje dat sels rinne en blaffe kin. "Mem, soe ik dizze ek noch hawwe meie? Dizze hûn poept net hear." By har papa hat se in hûn en in kat en it leafst wol se noch folle mear, mar se wit dat ik gjin bisten yn 'e hûs hawwe wol. Ik moat allinnich al kokke fan it idee dat je noch waarme stront fan de grûn oprêde moatte. Ik fyn dit boartersguodhûntsje in prima alternatyf en jou har dêrom 2 euro út myn beurs. Mei in nije skoudertas fol mei boartersguod en in hûntsje dat fleurich blaffend achter ús oan draaft, rinne we werom nei de auto. "Wat wie dat skatsykjen leuk, mem. Sille we gau wer ris?""