Hynstehannel giet troch yn coronatiid; spitich dat leafhawwers eveneminten misse

14 jul 2021 - 09:52

Hieltyd mear hynste-eveneminten wurde ôfsein fanwegen corona. It Concours Hippique yn Bûtenpost giet net troch en der wurde ek gjin hynstedagen yn Garyp hâlden. Spitich foar publyk en de organisaasjes, mar wat betsjut it foar de eigeners fan de hynders?

Jelmer en Anita Chardon mei Jurre 495 - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Jelmer Chardon hat in trenings- en hannelsstâl yn Jorwert, en ek in dekstasjon. Ek hy soe nei in oantal fan dy konkoersen ta. Hy fynt it spitich dat it net trochgiet. "De hynders binne der klear foar en wy binne der ek klear foar. Foar de klanten en leafhawwers is it spitich dat it net trochgiet", seit Jelmer Chardon.

Kers op de taart

Syn hannel hat net bot te lijen fan corona. De hynders wurde wol ferkocht en de dekkerij giet wol troch. "It is mear de aardichheid foar de minsken. spitich dat it oergiet. Se sjogge der nei út." Lokaasjekeuringen ha se fia in livestream dien, mar mei konkoersen slagget dat net. "We kinne troch, mar de 'kers op de taart' is der net."

Pike op it momint

Hy tinkt net de takomst foar de konkoersen bedrige wurdt. "Mar it stimulearret net fansels. As we de hynders der klear foar hawwe, lykas Eise. Dy hynst is no 12 jier en sit yn de bloei fan syn libben. Sjoch mar datst dy der takom jier wer sa goed foar krijst. It is krekt as mei in topatleet, dy hawwe har pyk en dan moat it wol gebeure. Folgjend jier witst net hoe't sa'n hynst derfoar stiet."

Jelmer Chardon

(Advertinsje)
(Advertinsje)