Kursussen fan IVN komme nei corona wer wat op gong; lear wylde blommen kennen

14 jul 2021 - 07:15

In kleurryk fjild fol wylde simmerblommen is in moai gesicht, mar hoe hite dy blommen? Yn in plante-ekskurzje foar begjinners nimme gidsen fan IVN dielnimmers mei yn in blommefjild by Harich.

Rûge fôleblom - Foto: ANP

Ien fan dy wylde blommen is de rûge fôleblom (biggenkruid). "Die lijkt veel op een paardenbloem, met net zo'n felgele kleur en veel blaadjes", fertelt Ria Brouwer. Se is gids by IVN Natuureducatie en fersoarget de ekskurzje.

"Die is echt bedoeld voor mensen die meer willen weten over de bloemen die momenteel bloeien. We leren ze de namen en een paar eigenschappen. We gaan ze niet determineren, maar lopen door een heel veld dat jaren geleden is ingezaaid met wilde bloemen en staan stil bij die bloemen, zoals sint-janskruid, verschillende soorten klavers, margriet en absintalsem. Het gaat echt om een kennismaking."

Troch corona leinen de ekskurzjes fan de IVN stil, no komme se wer wat op gong. "We houden ons aan de regels en het is buiten, dus dat is veilig."

Ria Brouwer

De ekskurzje is dizze woansdeitejûn. Start is by de camping De Verborgen Hoek oan de Bokkeleane yn Harich. De tocht duorret sa'n oardeloere.

Trefwurden: 
IVN natuer ekskurzje Harich
(Advertinsje)
(Advertinsje)