GrienLinksers wolle feroaring yn de partij: "Gjin oanfal, mar tiid foar fernijing"

13 jul 2021 - 22:52

GrienLinks moat demokratysker wurde, de koers fan de partij is te strategysk en op it mêd fan diversiteit en ynklusiviteit bliuwt de partij achter. Dat sizze tsientallen lokale politisy fan GrienLinks, ûnder wa fraksjefoarsitter Femke Molenaar fan GrienLinks Ljouwert

In ferkiezingsposter fan GrienLinks foar de Twadde Keamerferkiezingen - Foto: ANP

De krityske leden binne it foar in grut part iens mei de kommisje dy't ûndersyk dien hat nei de Twadde Keamerferkiezingen, dy't foar de partij teloarstellend ferrûnen. Yn maart gong de partij fan fjirtjin nei acht sitten.

Neffens de evaluaasje kaam dat mei trochdat listlûker Jesse Klaver gjin oertsjûgjend en helder ferhaal hold. "Ik miste heel erg het sociale geluid", seit Femke Molenaar.

Als je een kleinere beurs hebt of een onzeker bestaan, dan kan het klimaat een ver-van-mijn-bed-show zijn.

Femke Molenaar, fraksjefoarsitter GrienLinks Ljouwert

"In de gemeentepolitiek heb ik gemerkt dat je je niet als een paard met oogkleppen alleen op klimaat kunt richten. Dan sla je de plank mis. Er zijn nu zoveel crises. Ik miste heel erg het sociale geluid. Als je een kleinere beurs hebt of een onzeker bestaan, dan kan het klimaat een ver-van-mijn-bed-show zijn."

Molenaar hie ek graach sjoen dat der mear noardlike kandidaten ferkiesber wienen foar de Twadde Keamer. Op de kandidatelist stie gjin ien Fries. "Dat vind ik een zwaktebod. En dan kun je wel beginnen over kwaliteit, maar je moet ook mensen een kans geven. In 2017 ben ik zelf uit het niets op nummer twee gezet in Leeuwarden. Nu, drie jaar later, ben ik fractievoorzitter."

Gjin oanfal

Jongereinorganisaasje DWARS slút him oan by it inisjatyf, seit de nije foarsitter Hiske Scholtens. Sy komt út Eastermar. "Dit manifest is gjin oanfal op de partij, mar de partij is wol ta oan in fernijing", seit se.

De groep Nieuw Kritisch GroenLinks hat no in petysje opset. "In de dagelijkse politiek laat GroenLinks zich leiden door kiezersonderzoeken en een strategie gericht op regeringsdeelname", stiet dêryn. De petysje stiet sûnt tiisdeitemiddei online set en is yntusken troch 108 leden ûndertekene.

"Activisme heeft plaatsgemaakt voor bestuurlijke politiek", stiet ek yn de petysje. "Zo is onduidelijk geworden waar GroenLinks voor staat."

GrienLinks en de Partij voor de Arbeid moatte oan elkoar fêsthâlde om in links en progressyf kabinet foarelkoar te krijen.

Hiske Scholtens, foarsitter fan DWARS

Scholtens soe it wol moai fine as GrienLinks meiregearje kin yn in links en progressyf kabinet. "Mar GrienLinks en de Partij voor de Arbeid moatte dan wol oan elkoar fêsthâlde om dat foarelkoar te krijen. We dogge it net om allinnich mar in sit te hawwen yn fak-K."

Molenaar slút har dêrby oan. "Ik zou het heel erg jammer vinden als GroenLinks en PvdA elkaar loslaten. Er is al genoeg versnippering."

Oan tafel by formaasje

Fjouwer jier lyn siet GrienLinks ek oan tafel by de formaasjepetearen. Doe heakke de partij ôf, omdat Klaver it net iens wie mei de saneamde Turkijedeal. VVD, CDA en D66 woene doe Syryske flechtlingen net Europa yn litte. Dêr koe Klaver him net yn fine.

No is GrienLinks wer ien fan de partijen dêr't mei praat wurdt om in nij kabinet te foarmjen. VVD en D66 binne dwaande om in konsept-akkoart te skriuwen. Oare partijen, lykas GrienLinks, kinne letter oanjaan oft se har oanslute wolle.

Lêste oprop

Der binne ferskate evaluaasjerapporten skreaun. Scholtens fynt dat de partij goed nei al dy stikken sjen moat. "Dat moat derfoar soargje dat we sterker wurke. It is net ien ding dat oars moat. Ik ha der wol fertrouwen yn dat de partij harket nei ús soargen. Dit is mear in lêste oprop, sadat de soargen dúdlik binne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)