SC Hearrenfean ferliest oefenwedstriid en Mitchell van Bergen

13 jul 2021 - 20:39

Sportklup Hearrenfean is yn de tredde oefenwedstriid fan it seizoen tsjin in nederlaach oanrûn. Yn Putten wie Maccabi Tel Aviv mei 2-0 te sterk. By de ploech fan Johnny Jansen foel fleugelspiler Mitchell van Bergen út mei in blessuere.

Mitchell van Bergen yn de oefenwedstriid tsjin Maccabi Tel Aviv - Foto: Orange Pictures

Al nei fiif minuten kaam Maccabi op foarsprong. Sheran Yeini skoarde mei in kopbal út in frije traap. Spilers fan Hearrenfean tochten oan bûtenspul. Dat is net werom te sjen op de bylden, want flak foar de ôftraap ferbea Maccabi it Hearrenfean om de wedstriid live út te stjoeren.

Hearrenfean hie it bettere fan it spul, mar kânskes foar Van Bergen en Tibor Halilovic (dy't ôfrûne wykein noch twa kear skoarde) smieten gjin goal op. Oan de oare kant foarkaam doelman Erwin Mulder de 0-2. Flak foar it skoft rekke Van Bergen út de wedstriid mei in blessuere. Hoe slim oft dy blessuere is, is noch net dúdlik.

Noch gjin Stevanovic

Yn it begjin fan de twadde helte skeat spits Henk Veerman de bal tsjin de touwen, mar hy die dat út bûtenspulposysje. Dat gong dus net troch. Yn it lêste healoere joech trainer Johnny Jansen spyltiid oan in grutte groep wikselspilers. Nije oanwinst Filip Stevanovic siet dêr net by.

Flak foar tiid makke Dor Turgeman der noch 0-2 fan foar Maccabi, yn in faze dat Hearrenfean de lykmakker socht. By 0-2 bleau it op it sportpark fan SDC Putten.

No tsjin TOP Oss

It wie foar de ploech fan Johnny Jansen de tredde oefenwedstriid yn tarieding op it nije seizoen. Earder wûn Hearrenfean mei 3-1 fan Jong FC Utrecht en waard it 2-2 tsjin KV Kortrijk. Takom sneon is TOP Oss yn Langsweagen de fjirde tsjinstanner.

(Advertinsje)
(Advertinsje)