Minister: Vermilion mei wer gas winne út fjilden by Grou en Raerd

13 jul 2021 - 19:35

Vermilion mei wer gas helje út twa gasfjilden by Grou en Raerd. Dêrfoar hat demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken en Klimaat tastimming jûn.

Foto: ANP

It belied fan it regear is om it brûken fan ierdgas ôf te bouwen, mar dat giet noch net hurd genôch om op te hâlden mei gaswinning. Dêrom wol it kabinet salang't it nedich is noch gas winne út lytsere gasfjilden. In soad dêrfan lizze yn Fryslân.

Ut it fjild by Grou wurdt al sûnt 1982 gas helle, út dy fan Raerd sûnt 1988. De winning is yn 2012 tydlik stillein. No wol Vermilion oant mooglik 2030 trochgean mei de produksje.

Troch eardere gaswinning is de boaiem by de gasfjilden oant fjouwer sintimeter sakke. No't de gaswinning langer trochgiet, is de ferwachting dat de boaiem op syn meast twa sintimeter fierder sakket.

Trefwurden: 
Grou gaswinning Vermilion Raerd
(Advertinsje)
(Advertinsje)