Sel ûnder betingst foar Ljouwerter dy't Rutte bedrige

13 jul 2021 - 18:58

In man út Ljouwert hat fjouwer wike sel ûnder betingst krigen omdat er demisjonêr premier Rutte op Twitter bedrige hat. De man die dat ûnder in berjocht fan de minister-presidint op it sosjale medium, wêryn't er minsken oprôp om har oan de coronamaatregels te hâlden.

Demisjonêr premier Mark Rutte - Foto: ANP

De fertochte hie der ûnder oare op set dat Rutte in kûgel krige en dat er him kapotsjitte soe. Rutte soe him slim bedrige field ha troch de tweets.

De fertochte seit dat er de berjochten yn in opwâling pleatst hat. Hy hie te folle dronken en wie bot frustrearre omdat er troch de coronamaatregels syn bern al in skoft net sjoen hie. Hy sei yn de rjochtbank ek dat er wol achter it coronabelied fan it regear stiet.

De man hat helpt socht en rint no by in psychiater en by de ferslavingssoarch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)