GGD Fryslân: "Veilige gevoel moet even in de ijskast"

13 jul 2021 - 18:39

Wat Everhard Hofstra fan de GGD Fryslân oanbelanget hie it kabinet trije wiken lyn net jongerein stimulearre om direkt nei it nimmen fan in Janssen-faksin de diskoteken yn te gean. "Het had zeker geholpen als we wat langer hadden gewacht na een vaccinatie", seit er.

It testen op it coronafirus by in lokaasje fan de GGD - Foto: ANP

Dat 'Dansen met Janssen' gjin goed idee wie, seit demisjonêr minister Hugo de Jonge no sels ek. Yn 't earst mochten jongeren deselde dei dat se it faksin krigen al op stap. Dat is yntusken weromdraaid.

In grut part fan de besmettingen de lêste tiid komt troch de hoareka. "Dat heeft gezorgd voor een heel snelle verspreiding", seit Hofstra. "Maar we moeten ook niet in te grote groepen bij elkaar komen. Het veilige gevoel moeten we echt even in de ijskast zetten."

'Dansen mei Janssen' wie dochs gjin goed idee, jout Hugo de Jonge ta - Foto: ANP

It RIVM seit ek dat de hoareka de belangrykste 'setting van besmetting' wurden is. It is no in gruttere boarne fan ynfeksjes as de thússituaasje, wat de ôfrûne moannen hieltyd boppe-oan stie.

100 minsken besmette 217 oaren

It reproduksjetal sjit ek de loft yn. Op 24 juny, foar de ferrommingen, wie dat noch 1,37. Dat betsjutte dat 100 besmette minsken mei elkoar 137 oaren besmetten. Op 28 juny lei datselde reproduksjetal op 2,17. Mei oare wurden: 100 coronapositive Nederlanners besmetten 217 oaren.

De kans dat je tegen iemand aanloopt met corona is nu veel groter dan twee weken geleden.

GGD-dokter Everhard Hofstra

"Twee weken geleden hadden we in Fryslân ongeveer tien nieuwe besmettingen per dag", seit Hofstra. "Dan is de kans heel klein dat je tegen iemand met corona aanloopt. Die kans is nu weer veel groter."

Net itselde as fan it winter

Hofstra pleatst wol in kanttekening, want de situaasje is neffens him oars as fan it winter. "Toen belandden heel veel mensen in het ziekenhuis op de intensive care. Dat zien we nu minder. De druk op de zorg blijft laag, omdat het veel onder jongeren voorkomt."

Everhard Hofstra - Foto: Omrop Fryslân

Dochs betsjut dat net dat der gjin reden is ta soarch. "Het gaat nu ook weer van jongeren naar ouderen. Ouderen die niet gevaccineerd zijn bijvoorbeeld. En ook al ben je gevaccineerd, dat helpt niet 100%. Bovendien beschermen de vaccins ook minder goed tegen nieuwe varianten." Fan de minsken dy't ôfrûne wike posityf testen op it coronafirus, wie seis prosint nei eigen sizzen folslein faksinearre.

Long covid: serieus probleem

Net allinnich it feit dat mooglik âldere en kwetsbere minsken it firus krije is soarchlik. "Jongeren krijgen soms long covid. Dan belanden ze niet per se in het ziekenhuis, maar houden ze wel langdurig klachten."

In kwart fan de 16- oant 25-jierrigen seit trije moannen nei in besmetting noch hieltyd lêst te hawwen fan klachten. It giet om wurgens, koartamichheid, pine yn 'e holle, net goed konsintrearje kinne en dingen gau ferjitte.

Hichtepunt tal besmettingen moat noch komme

Oer de ôfrûne wike sjoen, komme der alle dagen gemiddeld 170 nije besmettingen by yn Fryslân. Hofstra ferwachtet dat it hichtepunt noch net berikt is. "Het effect van de feestjes van afgelopen week zien we pas over twee week in de cijfers. Dan gaan we misschien wel naar 300 per dag of nog hoger. We moeten dus op onze qui-vive zijn."

Net elkenien is it deroer iens dat it tal registrearre besmettingen omheech giet. Guon saakkundigen ferwachtsje dat minder minsken har teste litte. Dan giet it firus net fuort, mar komme der wol minder positive gefallen oan it ljocht.

Under oare de boargemaster fan Skylge is benaud dat dêrmei it sicht op de fersprieding fan it firus ferdwynt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)