UPDATE: Ljouwerter (66) komt om nei ûngelok op A32 by Aldeholtwâlde

14 jul 2021 - 09:44

By in ûngelok op de sneldyk A32 by Aldeholtwâlde is in 66-jierrige man út Ljouwert om it libben kaam. Hy wie mei de auto fan de dyk rekke en yn in sleat telâne kaam.

De brânwacht pleatst skermen by it ûngelok - Foto: CAMJO media

De helptsjinsten wiene moandeitejûn al gau manmachtich teplak, mar de man wie op it plak fan it ûngelok stoarn.

De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok en siket nei tsjûgen.

Trefwurden: 
ûngelok A32 Aldeholtwâlde
(Advertinsje)
(Advertinsje)