UPDATE: Ljouwerter (66) komt om nei ûngelok op A32 by Aldeholtwâlde

By in ûngelok op de sneldyk A32 by Aldeholtwâlde is in 66-jierrige man út Ljouwert om it libben kaam. Hy wie mei de auto fan de dyk rekke en yn in sleat telâne kaam.
De brânwacht pleatst skermen by it ûngelok © CAMJO media
De helptsjinsten wiene moandeitejûn al gau manmachtich teplak, mar de man wie op it plak fan it ûngelok stoarn.
De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok en siket nei tsjûgen.