Gjin corona yn Ljouwerter finzenis: alle detinearden teste negatyf

De fjirtjin detinearden fan de Ljouwerter finzenis dy't tiisdei test binne op it coronafirus, binne net besmet. In fleugel fan de penitinsjêre ynrjochting siet yn karantêne omdat in groep klachten hie dy't mooglik wiisden op coronabesmettingen.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Dêrtroch moasten 48 detinearden yn har eigen sel wachtsje op de útslach fan de test fan de fjirtjin dy't klachten hienen. "We willen geen risico nemen", sei wurdfierder René Hut. "In de buitenwereld wordt het spannender, daarom zijn we in de gevangenis ook extra voorzichtig."
No't de útslaggen fan de testen negatyf binne, kinne de detinearden fan woansdeitemoarn ôf wer meidwaan oan it deiprogramma.