Boargemaster Skylge benaud om sicht op campingjeugd en firus te ferliezen

13 jul 2021 - 18:23

Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge wit net wat se oan moat mei de fakânsjejeugd op it eilân. Se makket har soargen oer de ûntwikkeling fan it coronafirus. En no't de hoareka om tolve oere nachts ticht giet, ferspriedt de jongerein him oer it eilân.

Camping De Appelhof op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It kin hurd gean yn tsien dagen, seit Van de Pol. "Toen dachten we nog: de zomer lacht ons toe en we hebben een mooi seizoen voor de boeg. De wereld ziet er op dit moment heel anders uit."

Minder testen, dus minder goed sicht op firus

In wike lyn is in tagongsteststrjitte iepene op it eilân. Dêr koenen alle dagen 400 minsken har teste litte. Dizze wike soe de kapasiteit nei 1.000 testen op in dei. Mar no't de nachthoareka ticht moat, is de needsaak foar sa'n tagongstest der net mear. En dus lit jongerein him minder teste.

Dat wit Van de Pol ek. Se is benaud dat it sicht op it firus ferdwynt. "Meten is weten. Als minder mensen testen, betekent het dat er ook minder positieve besmettingen worden gemeten. Maar dat betekent natuurlijk niet dat ze er niet zijn. Dat baart me wel zorgen: dat mensen wel ziek zijn en het virus zich verspreidt, maar dat we het niet weten."

Caroline van de Pol, boargemaster fan Skylge - Foto: Omrop Fryslân

De tagongstesten toanden ferline wike njoggentjin besmettingen oan. "Zij worden in eerste instantie op de camping in quarantaine geplaatst. Daarna gaan ze met vervoer naar de haven en met coronaproof vervoer naar de wal."

It RIVM hat de ôfrûne wike yn totaal fiif besmettingen meld op Skylge. Dat giet dan om minsken dy't ynskreaun steane op it eilân. Fakânsjegongers dy't posityf teste op it firus, komme net yn dy sifers werom. Dat wurdt registrearre by de thúsgemeente fan minsken.

Ien fan de campinggasten dy't mei coronaproof ferfier nei de wâl moat, is Heleen. Sy hat tiisdeitemiddei te hearren krigen dat se besmet is. "Ik dacht: ik ga morgen naar huis. Dus ik ga even testen, dan weet ik zeker dat ik negatief ben als ik naar huis ga. Maar ik krijg net te horen dat ik positief ben. Nu moet ik zo snel mogelijk naar huis, dus m'n vakantie is een dag korter."

Heleen hat krekt te hearren krigen dat se besmet is - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Se is derfan skrokken. "Ik ben een keer gevaccineerd. Dus ik dacht dat de kans dat ik het op zou lopen niet heel groot was. Ik deed toch een beetje voorzichtig, en nu heb ik het toch. Shit."

Heleen is net de earste dy't earder as pland de camping ferlit. "Twee dagen geleden ging de helft van de camping weg. Mensen die corona hadden, bij elkaar in de tent zaten. Dan hoor je dat soort dingen."

Het is een illusie om te denken dat iedereen om middernacht braaf naar bed gaat.

Boargemaster Caroline van de Pol
(Advertinsje)
(Advertinsje)