Fiskerijdagen Harns geane dochs net troch, ek net yn ôfslanke foarm

13 jul 2021 - 18:18

De Fiskerijdagen yn Harns kinne net trochgean. Troch de coronaregels kinne gemeenten oant 13 augustus gjin fergunning jaan foar eveneminten fan meardere dagen. Der is net genôch tiid om it dêrnei wol te organisearjen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Earder woe Stichting Visserijdagen Harlingen it evenemint trochgean litte op in nije lokaasje, de Nieuwe Willemshaven. Hjir koene se better kontrôle hâlde op it tal besikers.

Mei de nije coronamaatregels fan it Ryk is it lykwols fan 10 july ôf net mear mooglik om eveneminten te organisearjen dy't langer duorje as 24 oeren. Boppedat moatte besikers fan eveneminten sitte kinne.

De nije maatregels foar de festivals jilde oant en mei 13 augustus en moatte de rappe stiging fan it tal coronabesmettingen tsjingean.

Muzykjûnen geane ek net troch

Troch de maatregel kin de organisaasje fan De Fiskerijdagen gjin evenemintefergunning mear krije, ek al fynt it evenemint plak fan 25 oant en mei 28 augustus.

De gemeente sil no sjen wat der wol barre kin yn de perioade nei 13 augustus. Wol is al dúdlik dat ek de muzykjûnen op de Grote Bredeplaats net langer trochgean kinne, om't de feilichheid dêrfoar ôfhinklik is fan it haadfeest.

(Advertinsje)
(Advertinsje)