RIVM: 222 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 222 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 94 minder as moandei, doe gie it om 316 coronabesmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 170 besmettingen meld. Moandei lei dat trochsneed op 142, in wike lyn op 18.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente De Fryske Marren mei 38. Dêrnei komt Ljouwert mei 35. Hearrenfean en Smellingerlân ha elk 32 nije besmettingen.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 7.888 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike lanlik 7.422 besmettingen deis registrearre.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.