Tuinfeest Festival foarearst skrast: finansjele strop driget

13 jul 2021 - 14:34

It moast in nij fenomeen wurde yn Ljouwert: it Tuinfeest Festival. Troch de nije maatregels giet it nije festival foarearst net troch. Foar de organisaasje driget in finansjele strop.

Foto: Shutterstock / Anze Furlan

Foar it nije House- en Technnofestival, dat op 24 july plakfine soe yn de Prinsetún yn Ljouwert, wiene alle 3.000 kaarten samar útferkocht. Mar de organisaasje moat de besikers no teloarstelle: it festival wurdt foarearst skrast. Foar de organisaasje driget in grutte finansjele strop.

"Het is heel verdrietig", seit inisjatyfnimmer Esmee van Eck. "We ervaren ook wel boosheid. Omdat we twee weken van te voren te horen krijgen dat we niet door konden gaan op de gewenste datum, dat doet gewoon pijn."

Swiere tiid

As de organisaasje earder witten hie dat it Tuinfeest Festival net trochgean kin op 24 july, hiene se noch de kâns om in nije datum te sykjen, sa seit Van Eck. Dat hie bot útmakke foar de kosten. No moat de festivalorganisaasjes guon saken, lykas de lockers en húskes, al wol betelje.

"Het is een spannende en onzekere tijd", seit Van Eck. "De wens is zeker om het te verplaatsen. We hebben de hoop op dit jaar, maar dat kunnen we nog niet garanderen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)