Bewenners De Stelp op It Amelân yn karantêne: corona fêststeld by meiwurker

13 jul 2021 - 12:44

By in meiwurker fan wensintrum De Stelp yn Hollum op It Amelân is moandei it coronafirus fêststeld. Om fierdere fersprieding fan it firus foar te kommen, sitte de bewenners fan it wensintrum sûnt moandei 15.00 oere yn karantêne.

De Stelp - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De karantêne is yn oerlis mei de GGD en de Specialist Ouderengeneeskundige fan KwadrantGroep en gie moandei 15.00 oere ynf. Dit betsjut dat de bewenners safolle mooglik yn harren eigen appartemint bliuwe moatte.

Hjir moatte sy ek ite en de bewenners meie gjin besite mear ûntfange. De maatregel is nommen fanwege de deltafariant dy't rûngiet yn Nederlân en ekstra besmetlik is.

Willem van der Kooi, lokaasjemanager by it wensintrum: "Ien fan de meiwurkers is besmet rekke op it eilân. Eins is it hiel nuver, se wie folslein faksinearre, mar hat dochs in besmetting oprûn." De meiwurker hat earst noch oan it wurk west om't sy gjin klachten hie.

Ferrassend

"Dat is foar us allegearre ferrassend", seit Van der Kooi. Yn it wensintrum is hast elkenien faksinearre, ek it personiel. "En op It Amelân binne alle folwoeksenen sa goed as faksinearre. It is in senario dêr't je gjin rekken mei hâlde."

Je moatte foar feilichheid soargje mar it is ek drôvich, minsken kinne gjin besite ha.

Willem van der Kooi, lokaasjemanager by wensintrum De Stelp

Nettsjinsteande harren faksinaasje sitte de bewenners fan De Stelp yn karantêne. De meiwurker wie ek faksinearre, seit Van der Kooi, mar sy is der flink siik fan wurden en by it wensintrum wolle se no foarkomme dat dat mei de bewenners ek barre sil. "Der is net in soad kar. Je moatte foar feilichheid soargje mar it is ek drôvich, minsken kinne gjin besite ha."

'Werom nei 100 persint'

Yn it wensintrum wurket it personiel no wer mei de folsleine beskerming. "De skelken en de wanten wiene al in skoft net mear echt yn gebrûk, om't dat ek net nedich wie, mar we hawwe de feilichheidsmaatregels no wer op 100 persint brocht", seit Van der Kooi.

Freed sille de meiwurkers en bewenners test wurde. Sneon wurde oan de hân dêrfan maatregels troffen.

Van der Kooi: "Wy wolle foarsichtich wêze mei de bewenners. We hawwe it no oer minsken dy't kwetsber binne. Litte wy foar feilichheid kieze. Elkenien snapt ek wol dat we soargje moatte dat it sa feilich mooglik bliuwt en it net ferspriedt. It feit dat in meiwurker it oprûn hat lit wol sjen datst it dochs wol gewoan krije kinst, ek foar de minsken dy't by ús wenje en gewoan faksinearre binne."

Willem van der Kooi fan wensintrum De Stelp op It Amelân

(Advertinsje)
(Advertinsje)