Mooglik lûdsferbod foar rekreaasjegebiet De Heide op It Hearrenfean

13 jul 2021 - 11:19

By rekreaasjegebiet De Heide yn gemeente Hearrenfean ûnderfine omwenners oerlêst. It kolleezje seit mear yn te setten op it hanthavenjen en ûndersiket no oft it in stiltegebiet wurde kin nei 22.00 oere.

Rekreaasjegebiet De Heide op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

By it iennichste offisjele swimplak yn de gemeente soe in soad hurde muzyk wêze. Ek ûnderfine de omwenners oerlêst fan roppende minsken, drankmisbrûk en oplûkende auto's. Dit bart oant let yn jûn. Boppedat leit der in soad ôffal en fine de frijwilligers fan Heerenveen Schoon in soad glês by it rekreaasjegebiet, wylst der in soad op bleate fuotten by it wetter omrûn wurdt.

Lûdsferbod

De fraksjes fan de PvdA en FNP hawwe fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan it Hearrenfean. Dat seit op de hichte te wêzen fan de situaasje en lit witte dat de boa's en de plysje noch mear hanthavenje sille. Ek wurdt op it stuit ûndersocht oft der it lûdsferbod komme kin foar it gebiet. Dat soe dan jilde tusken 22.00 en 07.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)